Rjocht yn 't hert, in Frysktalige, demokratyske komeedzje mei muzyk en in swart randsje...

Data:

05-03-2022

Koarnjum (onder voorbehoud)

 

11-03-2022

Grou  (onder voorbehoud)

 

12.03.2022

Kollum

 

 

foto Wybo Smids


De tafel is kreas dekt, de kearsen baarne, de keamer is smûk en het hûs oan kant. Dit  wurdt Irene Dorée’s  lêste jûn en dy moat bysûnder wêze. Har favoryte film komt op tillefyzje en dêr sjocht se bot nei út. Noch ien kear genietsje, noch ien kear hearlik romantysk swolgje en weidreame. En dan der út stappe. Perfekt. En krekt op dat momint bejout de tv it….Aldergelokst is de teleneedtsjinst der en dy stjûre fuortdaliks harren bêste man;

Freddie Posthuma. 

En dan komt alles oars. Hoe’t it ferhaal ôfrint bepale de taskôgers!

Inez Timmer skittere yn mear as 30 musicals en produsearret sûnt 2012, mei in protte wille en súkses, har eigen foarstellings.

In 2019 hie se har daverjende  tv debuut by ‚The Voice Senior‘ en fertsjinne se in nominaasje foar ‚Beste Vrouwelijke Bijrol‘ yn in Nederlânske musical. Inez is in betûft en alsidig artyste mei in gouden stim en in skat oan erfaring.  www.theaterineziatief.nl

 

Thijs Meester spyle  yn û.o. „Elk Sines“ , „De Wylde Boerinne“, „Master Gysbert“ en „Het Kollumer Oproer“ (mei Syb van der Ploeg).

Omrop Fryslân engazjeare him as poppespyler en akteur.  Yn sept 2020 gong syn earste solo "Mens erger je niet" in première. Thijs is in wier aktear talint en in as sjonger in grutte ferrassing.

Rezjy Hans Brans.

Boekingen en ynfo: info@ineztimmer.de 

Foto Piet Douma