Leafdesbrieven

foto's  Piet Douma

„Leafdesbrieven“ fertelt it ferhaal fan Andrew Makepeace Ladd III, en Melissa Gardner.

Sûnt har bernejierren binne se dikke freonen en hoewol’t se gek op mekoar binne…..no ja, jo begripe it al.

Beide trouwen mei in oaren-ien, krije in eigen libben, in eigen wrâld. Andrew kriget sukses yn de polityk en Melissa yn de keunst, mar se rekket fertize yn ûngelokkige affaires en drank.

Wat harren bynt, is in briefwiksel

dy’t se in libben lang folhâlde. Yn dy brieven skriuwe se mekoar alles wat se yn it echte libben net tsjin mekoar sizze kinne of wolle. De toan wikselet rêd tusken humor, wanhoop, langstme en kleare erotyk.

„Leafdesbrieven“ waard in Amerika spyle troch û o. Elisabeth Taylor, Mel Gibson, Aly McGraw en Ryan O’Neal.

Yn Nederlân krûpten û. o. Anne-Wil Blankers en Paul van Vliet yn de hûd fan Andy en Melissa. 


Resinsjes:

Arjan Hut, De Moanne

"Untdien fan oerstallige babbelegûchjes is Leafdesbrieven in meinimmende oade oan de taal en oan de leafde sels. Ik krige nocht om daliks ék brieven te skriuwen."

 

Sietse de Vries, Leeuwarder Courant 27-10-2018 ****

„In akteur en in aktrise neist elkoar efter in tafel, dy’t de brieven dy’t se elkoar skriuwe, lûdop lêze. Dy’t fan de skriuwer net oerein komme meie en elkoar net oansjen meie. Is dat theater? Dat kin theater wêze. En mei Inez Timmer en Tseard Nauta efter der tafel wurdt it dat ek.“ 

 

Wiggele Wouda, Friesch Dagblad, 29-10-2018

„…dan voel je de kracht van de ‚trage' papieren woorden; schreeuwend om hulp, troostend in pijn of simpelweg beschrijvend in tedere verbinding.

Inez Timmer en Tseard Nauta weten je mee te nemen door hun geanimeerde manier van vertellen in de wereld van verbinden, afstoten, liefde, verlangen en contemplatie.“